Froulju Drachtster Boys winne fan Nieuw Roden

04 des 2015 - 22:20

De sealfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn in swierbefochten oerwinning boekt yn de noardlike derby tsjin vv Nieuw Roden. Alle goals waarden makke nei it skoft. Drachtster Boys kaam op foarsprong troch in moaie counter mei as einstasjon Lotte Donath, 0-1. Dêrnei waard it 0-2, in knappe ûnderskepping fan Esther van Toledo, dy't dêrnei hurd binnen skeat.

Nieuw Roden kaam noch wol werom ta 1-2, mar fierder lieten de Drachtster sealfroulju it net komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)