PvdA stelt keamerfragen oer fergoeding riedsleden Patyna

04 des 2015 - 21:08

De PvdA yn de Twadde Keamer hat de minister fan Folkssûnens fragen steld oer de ferheging fan de fergoedings fan de ried fan tafersjoch fan de Fryske soarchgroep Patyna. Dy soarchgroep ûntstie koartlyn troch de fúzje fan Tellens en Planteyn. Neffens de PvdA giet der gjin goed sinjaal út fan de ferheging, sjoen de ûntslaggen en besunigings yn de thússoarch.

De minister har miening hjiroer wurdt frege. Ek wol de PvdA witte oft de ferheging wol neffens de regels is. Patyna seit sels dat dat wol sa is.

De fergoedings fan de leden fan de ried fan tafersjoch wurde sawat ferdûbele. Sa krijt de foarsitter tenei 21.000 euro, tsjin 11.000 euro earder. De fragen wurde steld troch de keamerleden Jacques Monasch, John Kerstens en Otwin van Dijk. Neffens Jacques Monasch is de ferdûbeling fan de fergoedings 'een klap in het gezicht van de thuiszorgmedewerkers'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)