Goud foar manljusploech achterfolging by wrâldbeker Inzell

04 des 2015 - 19:14

De Nederlânske manljusploech hat freed by de tredde wrâldbeker reedriden yn Inzell goud pakt by de ploege-achterfolging. De ploech bestie út Jan Blokhuijsen en de Friezen Douwe de Vries en Arjan Stroetinga. Sy wûnen yn in baanrekôr: 3.41.27. It sulver gie nei Noarwegen mei 3.44.88 en it brûns nei Poalen mei 3.46.17.

It Nederlânske trio hie yn Inzell wat goed te meitsjen, want yn Calgary foel Arjan Stroetinga en waard de finish net helle. Bûnscoach Geert Kuiper fûn dat it trio in nije kâns fertsjinne. Dat beslút pakte goed út.

Jorrit Bergsma wie reserve by de ploege-achterfolging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)