Brûns foar Marrit Steenbergen op EK swimmen yn Netanya

04 des 2015 - 18:12

Swimster Marrit Steenbergen hat freed brûns helle op it Europeesk kampioenskip yn Netanya. De 15-jierrige ynwenster fan Easterwâlde helle it poadiumplak by de 100 meter wikselslach. Se die dat mei in tiid fan 59 tellen. It goud gie nei de Hongaare Katinka Hosszu, dy't in tiid fan 56,67 swom.

Steenbergen wie sels út de skroeven oer har prestaasje: "Dit had ik echt niet verwacht", sei de talintfolle swimster. "Het voelde wel goed. Maar dat het zó goed was, wist ik niet."

Steenbergen prestearde earder dit jier ek al goed by de Europeeske Spelen yn Bakoe, dêr't se swom op in jeugdtoernoai. Se helle dêr ferskate medaljes.

Trefwurden: 
Marrit Steenbergen swimmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)