Arlanta wol ien kristlike basisskoalle yn Dokkum slute

04 des 2015 - 18:03

Underwiiskoepel Arlanta slút op termyn ien fan syn lokaasjes yn Dokkum. Dat skriuwt de organisaasje yn in brief oan de gemeenteried fan Dongeradiel. It giet om ien fan de fiif kristlike basisskoallen yn Dokkum. Dêrneist is de organisaasje ferantwurdlik foar njoggen kristlike basisskoallen yn de doarpen om Dokkum hinne en foar in skoalle foar kristlik spesjaal ûnderwiis.

Hokker skoalle yn Dokkum ticht giet, is noch net bekend. Dat moat noch besletten wurde. Doel is dat de skoallen dy't oerbliuwe elk in spesifyk ûnderwiiskundich konsept krije.

Trefwurden: 
Arlanta basisskoalle Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)