Italiaansk team makket bêste plan tsjin leechstân

04 des 2015 - 16:29

Leechsteande gebouwen brûke as hotelkeamers, bygelyks foar Kulturele Haadstêd 2018. Of as tydlike winkel of atelier. Alles is mooglik, as de basisfoarsjennings yn it gebou mar oanwêzich binne. Dat kin in oplossing wêze foar de leechstân by in oantal gebouwen oan Foarstreek of Twibaksmerk yn it sintrum fan Ljouwert.

It idee komt út in ynternasjonale wedstriid foar jonge ûntwerpers. It winnende plan komt fan in Italiaansk team. Arsjitekt Bauke Tunstra fan Burdaard sil de winners advisearje oer it ferfolch.

It Italiaanske team krijt foar it winnende idee in bedrach fan 12.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)