Klomp: "Sjauffeurs moatte útspraak rjochter respektearje"

04 des 2015 - 16:12

Direkteur Johan van Praet fan taksybedriuw Klomp wit neat fan in driigjende staking ûnder taksysjauffeurs. Hy seit dat der grif lulke sjauffeurs binne, mar dat se har hâlde moatte oan de útspraak fan de rjochter. Tiisdei ferlear fakbûn FNV in koart pleit tsjin Klomp. It bedriuw soe de CAO net útfiere en syn sjauffeurs net alle oeren útbetelje.

De rjochter fynt ek dat Klomp him net oan de CAO hâldt, mar hat ek sein dat Klomp finansjele problemen hat en dat it yn in boaiemproseduere fierder útsocht wurde moat.

Direkteur Van Praet fan Klomp is wiis mei dy útspraak fan de rjochter. De lulke sjauffeurs komme freedtejûn byinoar om te bepraten wannear't en hoe't se yn aksje komme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)