Kleibeuker sil wrâldoererekôr oanfalle yn Inzell

04 des 2015 - 15:49

Reedrydster Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean sil nije wike woansdei yn Inzell it wrâldoererekôr by de froulju oanfalle. De stayer fan de Clafis-ploech fan Jillert Anema wol it rekôr fan Maria Sterk út Hallum út de boeken ride. Sterk wist yn maart 2005 in ôfstân fan 36 kilometer 441,26 meter yn ien oere ôf te lizzen.

Kleibeuker sil woansdeitemiddei om healwei ienen mei har oanfal op it rekôr begjinne. Ek by de manlju komt der in oanfal op it wrâldoererekôr.

Erik Jan Kooiman fan it Clafis-team wol de prestaasje fan Douwe de Vries fan It Hearrenfean ferbetterje. Douwe de Vries ried yn maart fan dit jier yn Calgary 42 kilometer en 252 meter. Kooiman sil nei Kleibeuker op de iisbaan fan Inzell ferskine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)