Frysk oarlochsboek 'Sesi' wurdt rektifisearre

04 des 2015 - 15:22

It boek 'Sesi, een oorlogsrelaas van een jonge Friese vrouw voor haar broer in Nederlands-Oost Indië' fan de Fryske skriuwster Nynke Sietske de Vries wurdt oanpast. Dit wurdt dien nei klachten fan de famylje fan Dirk Hilarides. Se binne it net iens mei hoe't de Penjumer delset is yn it boek

Neffens de brieven en deiboekpassaazjes dêr't it boek op basearre is, wie Hilarides pro-Dútsk. Hy wurdt sels in NSB'er neamd. Dit is perfoarst net wier, sa lit de famylje witte. Hilarides soe him yn de oarlich krekt tige ynset hawwe foar de mienskip.

De Penjumer is dêr letter ek keninklik foar ûnderskieden. De passaazjes oer Hilarides binne no oanpast en mei advertinsjes yn regionale kranten hawwe de skriuwster en de útjouwer de flater rektifisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)