Trije manlju mei in flesse GHB oanholden yn Drachten

04 des 2015 - 11:50

Op in parkearplak oan de Omloop yn Drachten hat de plysje tongersdeitejûn trije manlju oanholden. Yn harren auto waard GHB oantroffen. Plysjes seagen de auto fan in 22-jierrige ynwenner fan De Harkema, in bekende fan de plysje.

By him sieten ek twa Drachtsters fan 21 en 22 jier. Sy hiene in flesse GHB by har. De trije manlju binne nei it buro brocht. Dêr binne se fêstsetten foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten GHB plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)