Kustfiskersbedriuw Lauwerseach krijt karmerk NVWA

04 des 2015 - 05:50

It Fryske kustfiskersbedriuw TS31 Internos by Lauwerseach hat tongersdei it karmerk fan de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit krigen. It Fileerlokaal is in ûnderdiel fan it projekt 'Fakmanskip yn 'e kustfiskerij', dêr't it doel is om jonge minsken entûsjast te meitsjen foar de tradisjonele wize fan fiskjen.

De tradisjonele kustfiskerij wurdt útoefene mei âlde techniken lykas netten spanne yn ûndjip wetter om seebears en iel te fangen. Mar wurdt de lêste jierren folle minder dien troch beropskustfiskers.

Tradisjoneel fiskjen

In jier lyn is TS31 tegearre mei Stichting Waddengroep úteinset mei it projekt 'Fakmanskip yn 'e kustfiskerij'. Sa koene bygelyks skoalbern in dei mei op waadfisktochten, koene nijsgjirrigen trainingen krije fan beropsfiskers en wiene der filearworkshops yn it Fileerlokaal. It projekt hat yn elts gefal ien nije beropsfisker opsmiten, in jongeman fan 28 jier út Dútslân.

Grut komplimint

Foar Jan Geerstema en Barbara Rodenburg fan TS31 is it karmerk in grut komplimint op it projektjier dat se organisearre ha. "De erkenning van de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit betekent dat we met én de inrichting van het lokaal én met de procedures voldoen aan alle eisen om te mogen leveren aan consumenten en aan restaurants. "Daar zijn we super grutsk op,'' sa seit Barbara Rodenburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)