Frysk kin noch mear brûkt wurde op social media

03 des 2015 - 19:43

Jonge Friezen brûke graach de Fryske taal op social mediakanalen, bygelyks op Facebook of Whatsapp. Mar it kin noch folle better. Dat konkludearret promovenda Lysbeth Jongbloed yn har ûndersyk 'Friezen op sosjale media'. 

It net goed Frysk skriuwe kinne is foar minsken de grutste drompel om it te brûken. Benammen âlderen wolle graach goed Frysk skriuwe, wylst jongeren it gewoan fonetysk tapasse. Fan de 1200 dielnimmers oan it ûndersyk hie twatredde part graach it Frysk better leare wollen. 

De provinsje Fryslân giet de kommende tiid oan de slach mei maatregels om mear minsken Frysk op social media brûke te litten. De nije staveringshifker en mear omtinken foar it Frysk op skoallen moatte dêr ûnder oaren foar soargje. Deputearre Sietske Poepjes fynt dat Frysk skriuwe op social media normaal wurde moat en net in útsûndering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)