Provinsje ynvestearret yn leefberens mei Mienskipsfûns

03 des 2015 - 16:49

Mear as 70 projekten út de Fryske mienskip kinne rekkenje op subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns. Mei-inoar is der dit jier foar twa-en-in-heal miljoen euro ynvestearre yn de leefberens yn Fryslân. De advysteams yn de fiif Fryske regio's advisearje Deputearre Steaten om subsydzje ta te kennen. Wichtich betingst is dat ynwenners mienskiplik in projektidee yntsjinje en útfiere.

Moarre en Ljussens

De doarpen Moarre en Ljussens ha 13.000 euro krigen foar in projekt dat de doarpen leefber hâlde moat. Dat bart ûnder oare troch in eigen wenkorporaasje, dy't huzen keapet of ferhiert oan eigen ynwenners.

Langwar

Pleatslik belang Langwar hat 9.500 euro krigen foar de oanlis fan in fitnesspark foar jong en âld yn it havengebiet. Der komt ek in moetingsplak dêr't minsken nei it sporten noflik sitte kinne.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)