Fryske brânwachtkorpsen sette yn op mear gearwurking

03 des 2015 - 16:06

De brânwachtkorpsen yn Fryslân sille mear gearwurkje. Sa wurdt by brannen yn de takomst earder in auto út in neistlizzend doarp oproppen. Boppedat kin folle mear gebrûk makke wurde fan de krêft fan de frijwilligers. Dat hat de feilichheidsregio Fryslân besletten.

Dekkingsplan

De plannen fan de feilichheidsregio steane yn it dekkingsplan 2.0. Dêryn stiet ûnder oare omskreaun wat de opkomsttiden en de besetting fan de brânwachtposten wêze moat. De rjochtline is dat de brânwacht yn achttjin minuten te plak wêze moat.

Net oeral helber

Yn grutte parten fan it plattelân yn Fryslân is soks net helber. De brânwacht set dêrom fol yn op previnsje. Net allinnich op it plattelân, ek foar it stedsgebiet komt in soad omtinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)