Wedstryd De Herauten en Futsal Cambuur einiget yn fjochtsjen

03 des 2015 - 15:39

Twa fuotballers fan sealfuotbalferiening De Herauten út Burgum binne woansdei ferwûne rekke oan 'e holle. Der ûntstie nei de wedstryd tusken De Herauten tsjin Futsal Cambuur in fjochtpartij tusken spilers fan beide ferienings.

Der wurdt nei alle gedachten oanjefte dien troch ien fan de sealfuotballers fan De Herauten. Futsal Cambuur befêstiget dat der in fjochtpartij west hat, mar it bestjoer fan de klup wol earst dúdlik krije wat der krekt bard is, foar't der maatregels naam wurde.

It fuotbalbûn KNVB hat noch gjin ynformaasje binnenkrigen en wachtet dêrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)