"Grut ferlet fan wetterberging troch wetteroerlêst"

03 des 2015 - 14:49

Der moat in soad ynvestearre wurde yn wetterberging yn stedsgebieten yn Fryslân. Dat stelt dykgraaf Paul van Erkelens. Neffens him is der grut ferlet fan tydlike wetterberging. Stêden moatte dêr better op ynrjochte wurde. 

Kâns op wetteroerlêst nimt ta

Neffens Van Erkelens nimt de kâns op wetteroerlêst ta. Troch swiere klusterbuien kinne strjitten ûnder wetter strûpe. De risiko's wurde tefolle ûnderskat. Om't de diken hjir stevich en dus feilich binne, stean we kwalik stil by de risiko's dy't der al binne. 

Tarieding is wichtich

Om't de kâns op wetteroerlêst tanimt, moat der rekken hâlden wurde mei de gefolgen. ''Als het een keer gebeurt, dan moet je van tevoren goed nagedacht hebben over hoe je met de mensen, de kwetsbare groepen en de kwetsbare plaatsen omgaat,'' sa seit dykgraaf Van Erkelens.

'Worst-case' senario's Harns en It Amelân

Sa wurdt op it stuit by it Wetterskip Fryslân en de Feilichheidsregio wurke mei saneamde 'worst-case' senario's. Sa is spesifyk sjoen nei de sitewaasje by Harns. Mocht dêr in dyk trochbrekke, dan rinne de strjitten dêr rapper ûnder as op oare plakken. Ek bliuwt der mear wetter stean. It is needsaaklik om in spesjaal evakuaasjeplan te meitsjen foar Harns. 

It Wetterskip hat ek de feilichheidssitewaasje op It Amelân ûndersocht. Bewenners dêr moatte selsredsum wêze. It kin yn gefal fan swiere stoarm lang duorje foar't der goede help is en minsken evakuearre wurde kinne. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)