Nagelnij kolleksjesintrum Fryske musea oplevere yn Ljouwert

03 des 2015 - 13:12

Seis kilometer boeken en allinnich al 180.000 stikken fan it Fries museum wurde opslein yn it nagelnije kolleksjesintrum Fryslân. Dit is in sintraal depot fan fiif Fryske musea dat krekt oplevere is.

Neist guod fan it Fries museum komt ek dat fan it Natuernuseum, it lânboumuseum, hystoarysk sintrum Tresoar en it Frysk Skipfeartmuseum dêr. Alles op ien plak, sadat it makliker is om tentoanstellingen yn te rjochtsjen.

It giet om objekten dy't de musea sels net nedich hawwe foar harren eksposysjes. Yn it hypermoderne gebou achter Crystalic yn Ljouwert kinne de foarwerpen op in konstante temperatuer opslein wurde en it is enerzjyneutraal.

Yn jannewaris komt it earste guod nei it Kolleksjesintrum en foar april moat dy ferhuzing klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)