Rabobanken binne takom jier net mear selsstannich

02 des 2015 - 22:48
Rabobank - Foto: ANP XTRA

De Fryske Rabobanken binne fan 1 jannewaris ôf net mear selsstannige banken. Se geane dan op yn ien grutte bank. De lederieden fan de banken hawwe dat woansdeitejûn besletten. De feroaring hat te krijen mei takomstige regels fan de Europeeske Sintrale Bank.

Ek de lederieden fan de Rabobanken bûten Fryslân leverje har selsstannigens yn.

Trefwurden: 
Rabobank selsstannich bank
(advertinsje)
(advertinsje)