Plysje hâldt agressive treinreizger oan yn Ljouwert

02 des 2015 - 21:13

In Ljouwerter (25) is woansdei oppakt nei't er in treinkondukteur op it stasjon mishannele hie. Yn de trein frege de kondukteur om it fytsbewiis fan de reizger. Dat hie er net. De kondukteur socht kontakt mei de plysje om't er twifele oft syn OV-chipkaart echt wie. Op it perron woe de fertochte fuortinne, mar doe't er hearde dat er oanhâlden wie, waard er agressyf.

Hy woe mei in reklameboerd slaan, biet de kondukteur yn de hân en joech him mei de earmtakke in klap yn de mage. De fertochte naaide út, mar koe op de Foarstreek oanhâlden wurde.

De kondukteur hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)