Rêdingsbrigade Drachten komt yn aksje foar Serious Request

02 des 2015 - 20:53

De rêdingsbrigade Drachten komt yn aksje foar Serious Request. Mei 30 oare rêdingsbrigaden docht Drachten mei oan de aksje Serious Rescue. Se farre fan Venlo nei Heerlen en helje jild op foar it goede doel. Dat is dit jier jongerein dy't oerlibje moat ûnder ekstreme omstannichheden. De boaten farre yn in lint de tocht fan sa’n 100 kilometer yn trije dagen.

Fia sponsors en tal fan aktiviteiten wolle se jild ophelje. Rêdingsbrigade Drachten hat ferskate aksjes betocht om jild yn te sammeljen lykas in pubquiz en in lege flesse-aksje.

Op 21 desimber wurdt it bedrach oanbean oan de dj’s yn it Glazen Huis yn Heerlen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)