Princessehof siket filmkes fan partikulieren by útstalling

02 des 2015 - 17:20

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert siket filmkes út de tweintichste ieu. It giet om privee-filmkes dy't minsken makke hawwe fan bygelyks de anty-kearnwapendemonstraasjes yn de jierren tachtich, in fakânsje yn in sixties-karavan of it dûnsjen fan de Charleston yn de jierren tweintich.

Doel is dat de filmkes brûkt wurde by de útstalling 'De 20ste eeuw - Keramiek als spiegel van de tijd'. De filmkes kinne oant 1 febrewaris oanlevere wurde by it museum. De meast werkenbere of typearjende filmkes wurde brûkt by de tentoanstelling.

De útstalling rint noch oant en mei 3 july 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)