Sporthal Easterein is beskikber as krisisneedopfang

02 des 2015 - 16:22

Littenseradiel stelt de sporthal fan Easterein beskikber as krisisneedopfang foar flechtlingen. Yn de hal soe yn it nije jier plak wêze foar op syn meast 100 bewenners. Krisisneedopfang jildt foar op syn meast 72 oeren. Earder noch hie de gemeente oanjûn gjin geskikte plakken te hawwen, mar de fraach is noch altyd grut. Dêrom hat de gemeente nochris nei mooglikheden sjoen.

Littenseradiel sjocht ek nei de mooglikheden om flechtlingen foar in wat langere perioade op te fangen. Dat soe yn Wommels, Winsum en Mantgum kinne.

Earder wie de noarm by it COA altyd dat op syn minst plak wêze moast foar 200 of mear flechtlingen. Dat fûn it gemeentebestjoer net passen by de lytse doarpen yn Littenseradiel. De noarm is ûnderwilens nei ûnderen bysteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)