Socht: Tsjûgen fan brânstichting Dompbrêge Snits

02 des 2015 - 14:22

De plysje yn Snits siket tsjûgen fan in brânstichting fan de Dompbrêge oan de Grienedyk. Nettsjinsteande dat de brânwacht der gau by wie, koe net foarkaam wurde dat de brêge in soad skea oprûn.

De plysje siket minsken dy't ferline wike tongersdei om 21:45 oere jûns hinne yn de buert fan de brêge wiene.

De gemeente hat ien fan de beide rydbanen op de brêge ôfsletten, sadat der gjin ferkear oer it skansearre diel fan de brêge rydt. Der steane no stopljochten om it ferkear te regeljen. It is op dit stuit net dúdlik hoelang't dat sa bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)