Helikopter ynset by syktocht nei fermiste op de Iselmar

02 des 2015 - 12:27

De plysje siket woansdei en tongersdei mei in helikopter nei de twadde fermiste op de Iselmar by De Lemmer. In syktocht mei in boat en dûkers hat oant no ta neat opsmiten. 

De man siet tegearre mei in 68-jierrige Amsterdammer op in boat dy't freed flak foar De Lemmer sonk. It stoflik omskot fan de Amsterdammer waard snein troch dûkers út it weter helle. It ûndersyk nei de oarsaak giet yntusken troch. 

De plysje makket in technyske rekonstruksje fan it ûngelok. Mei de wrakstikken wurdt besocht de boat wer yn mekoar te setten om efter de oarsaak te kommen. De plysje tinkt dat der in oanfarring west hat, mar dat kin ek west ha nei't it boatsje sonken wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)