Kollum: "Meiprate"

02 des 2015 - 08:49

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Wat ha wy in alderferskriklikste wille hân. Sawat fiif kertier ha wy lake. En ek inkeld mar oer in krantekop. Ha jim it net sjoen? Of ha jim der net om of oer lake. Mar wêrom dan net? It wie dochs humor fan de heechste planke. De gemeente Súdwest-Fryslân, de bestjoerders dêrfan wol te ferstean, sille oan de slach mei 150 ynwenners fan de gemeente om miljoenen binnen te heljen en op dy wize de begrutting wer rjocht te breidzjen. It stiet der net, mar dy 150 ynwenners moatte dus gewoan besunigje.

Yn it alderearste plak meie de de wethâlders en de ried fan Súdwest-Fryslân harren wol alderferskriklikst skamje dat se dêr de begrutting net rûn krije. Ien of de oare lytse gemeente mei in lytse ried, ach dan skewiele we dat in bytsje, se dogge har bêst, mar it moat jûns, ek de wethâlders sitte dêr net de hiele dei, ach toe mar. Mar Súdwest-Fryslân, de grutste gemeente fan Fryslân? Mei in, mienden wy, dochs in reedlik tûk bestjoer, dy moatte dêr sels dochs mei rêde kinne. Nee dus. 150 ynwenners binne nedich om harren te fertellen hoe’t it wol moat.

Mar ynwenners fan in gemeente binne wend om te seuren oer it gemeentlike belied. Se wolle altyd dat der wat oars bart as dat der yn werklikheid bart. En alles wat se wolle kostet hannen fol jild. Dus hoe krije je yn fredesnamme 150 lju byelkoar dy’t sizze: wy wolle wolris efkes stevich meielkoar besunigje. Dêr lient net ien him foar. Toch?

Mar, en no komt it. Se sette dy minsken net byelkoar yn de grutte seal fan teater Snits, as dêr de stiennen teminsten wer yn de muorre sitte, en litte dy lju dan efkes raze en dan prate, nee. Want, sizze se by de gemeente, dy lju begripe neat fan de begrutting. Dêrby sprekt de gemeente út eigen erfaring, mar hawar.

Nee, we dogge it sa jonges: We gean yn groepkes sitten en behannelje deryn allegearre ferskillende saken. Alles apart. Ik wit net at de 150 minsken sels sizze meie wêr’t se hinne gean of dat se yndield wurde, mar oars wurdt de groep sport en kultuer wol hiel grut en de sektor wolwêzen mei jeugdsoarch en sa hiel lyts. Want dy bedragen binne altyd mear as needsaaklik, dy binne net omfier te lullen.  

Mar sa’n systeem wurket dochs net. Sa’t se it no opset ha, moatte de ynwenners sizze: "Hjir en hjir kin wol op besunige wurde. Ja en wêr moat dat jild dan hinne? Ja dat wit ik net, dêr praat dy oare groep oer." Mar meast sil it wêze: "Kin dat net foar wat mear jild? Of kinne jim dat en dat net ris dwaan?” En dan moatte dy 150 ynwenners ynienen sizze wêr’t dat jild weikomme moat. En dat witte je dan net, want oeral is wol in plausibele ferklearring foar.

Sille wy ris in moai foarbyld dwaan. De Himdyk tusken Blauhús en Tsjerkwert moat heechnedich fernijd wurde. Dat is fierwei de minste dyk fan de provinsje, ha de ynwenners fan Fryslân útmakke. It is it grutste probleem fan Súdwest-Fryslân. Mar hy leit heech op de Himdyk, heech yn it lân, dus it kostet in fermogen om dy te ferbreedzjen en ferbetterjen. Dus dy dyk stiet net op de begrutting. Dêr wurdt dus net oer praat. En as der oer praat wurdt, dan moat der sa alderheislikst op oare saken besunige wurde, dan gean dy 150 ynwenners holleskodzjend en -sûzjend nei hûs. En dan seit de gemeente: "Och heare, no ha wy de befolking in kear frege en no kom we der noch net út."

Nee. Jim ha de befolking frege om op jim te stimmen, sadat jim de besluten goed nimme koene, dêr ha jim de ferantwurdlikens foar. Fansels, prima om minsken meiprate te litten, mar net om se in ûnmooglike opdracht te jaan. Freegje minsken ris as jim jild tefolle ha. Of moatte dizze 150 ynwenners no sizze hoefolle amtners derút moatte, om't jim dat net doare?

En de útkomst? Yn 2017 gjin nijjiersresepsje mear yn Súdwest-Fryslân. En ditsoarte ynspraakjûnen dy’t in soad kofje en amtnerstiid kostje, hielendal net mear. Dêrom hiene we sa’n wille."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)