Ek camping De Poelpleats yn Kollum yn byld as opfanglokaasje

01 des 2015 - 21:31

Neist Kollumeroard yn Kollum is ek camping De Poelpleats yn it doarp yn byld foar de opfang fan flechtlingen. Dat is tiisdeitejûn bekend makke op in ynformaasjegearkomste fan de gemeente. Sa'n hûndert belangstellenden kamen dêr op ôf.

De eigener fan camping De Poelpleats hat it plak oanbean oan it COA. Dy hat it gebou ferline wike freed besjoen en stiet der net negatyf tsjinoer. De Poelpleats is it plak dêr't it eardere asylsikersintrum yn de jierren njoggentich ek siet.

Binnen oardel wike jout it COA dúdlikheid oan de eigener fan De Poelpleats. De ôfrûne wike binne se drok dwaande west op it terrein om it op te knappen. As der flechtlingen komme, moatte der units pleatst wurde.

Oft de komst fan flechtlingen nei Kollumeroard trochgiet, wurdt letter dizze wike dúdlik. Boargemaster Bearn Bilker ferwachtet ynkoarten útslútsel fan it COA. De groepsakkommodaasje mei plak foar 125 minsken stiet klear. Flechtlingen soene der fuortdaliks ynkinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)