Wjirmehotels yn Ljouwert: wjirmestront is goede kompostgrûn

01 des 2015 - 21:22

De Groene Apotheek yn Ljouwert hat der in nije attraksje by, twa wjirmehotels. Yn de wyk Oldegalileën hat de Groene Apotheek in tún dêr't allerhande griente, fruit en krûden ferboud wurde. Wykbewenners kinne dêr dan wer fan ite. It wjirmehotel is in bak mei grûn dêr't ôffal fan rauwe griente en fruit kompostearre wurdt troch de wjirmen dy't dat ôffal ite en wer útskite. Dy wjirmestront is hiele goede kompostgrûn, dat dan wer brûkt wurde kin op de tún.

Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert hat de beide wjirmehotels iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)