Provinsje jout ekstra bydrage fan 3,5 miljoen foar KH2018

01 des 2015 - 20:33

Kulturele Haadstêd 2018 krijt fan de provinsje in ekstra bydrage fan goed 3,5 miljoen euro. It jild is bedoeld foar grutskalige eveneminten dy't organisearre wurde foar 2018. De stichting mei sels bepale hoe't se it jild ynsette. De ekstra stipe is beskikber steld út it evenemintefûns fan de provinsje.

Yn dat potsje sit noch in miljoen. Dat giet nei it Fries Museum. Dy mei it bedrach besteegje oan projekten dy't organisearre wurde yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Der binne aktiviteiten rûnom Alma Tadema, Mata Hari en Escher.

Trefwurden: 
KH2018 provinsje jild
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)