Wurk oan de dyk op It Amelân giet troch yn it stoarmseizoen

01 des 2015 - 16:14

It wurk oan de ûnderkant fan de dyk op It Amelân giet yn it stoarmseizoen troch. Dat is mooglik trochdat de oannimmer in oare manier fan wurkjen keazen hat. Hy soe earst de ûnderkant fan de dyk ôfgrave en dan oanfulle mei brekstien. Mar no wurdt de besteande konstruksje ferbrede en ferstevige mei brekstien. Sa ferswakket de dyk net en kin it wurk gewoan trochgean.

It Wetterskip lit de dyk de kommende jierren ferheegje mei 35 cm en ferstevigje.

Dêrmei foldocht er wer oan de wetlike feiligenseasken en is It Amelân de kommende fyftich jier beskerme tsjin heech wetter.

Trefwurden: 
stoarm dyk It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)