Advys- en yngenieursburo LievenseCSO ferhuzet nei Ljouwert

01 des 2015 - 15:49

Advys- en yngenieursburo LievenseCSO ferhuzet syn noardlik haadkantoar fan Grins nei Ljouwert. Fêstigingsdirekteur Paul Zandstra ferwachtet fanút Ljouwert syn klanten yn Noard-Nederlân better betsjinje te kinnen. Ek spilet de oername fan it Ljouwerter yngenieursburo Bartels troch LievenseCSO in rol by de kar it regiokantoar nei de Fryske haadstêd te ferhúzjen.

Op it haadkantoar wurkje 25 spesjalisten foar LievenseCSO en by Bartels nochris tweintich. It stribjen is dat it tal de kommende jierren mei nochris tweintich útwreide wurdt.

De twa bedriuwen hawwe klanten yn ûnder oare de suvelyndustry, wettertechnology en ôffalwetterûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)