Wetterskip leit nije parslieding oan by De Rottefalle

01 des 2015 - 15:15

Wetterskip Fryslân is begûn mei de oanlis fan in nije parslieding tusken De Houtigehage, De Rottefalle en Drachtsterkompenije. Dy lieding bringt it ôffalwetter fan sa'n 2800 húshâldings nei de rioelwettersuveringsynstallaasje yn Drachten.

It giet om in stik lieding fan acht kilometer. It Wetterskip knapt ek de trije rioelgemalen yn de doarpen op en past dizze oan oan de nije situaasje. It wurk duorret oant de maaitiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)