Needopfang foar 400 flechtlingen yn Heliconstate by WTC

01 des 2015 - 14:00

Der komt kommend jier in nije needopfanglokaasje yn it gebou Heliconstate yn Ljouwert. Yn it leechsteande kantoargebou oan de Heliconwei 60, flak neist it WTC Expo, komt romte foar de opfang fan maksimaal 400 flechtlingen.

It kantoargebou wurdt no earst ferboud, mar kin neffens eigener Tom Genee begjin jannewaris yn gebrûk naam wurde. De opfang duorret oant en mei 1 oktober 2016. Genee hie earder plannen om wenningen en in restaurant yn it gebou ûnder te bringen.

Riis

Tom Genee wie ek de man dy't in AZC yn Mooi Gaasterland yn Riis fêstigje woe. Yn it doarp fan goed 170 ynwenners soene 500 asylsikers opfongen wurde moatte. Tsjin dy plannen wie safolle ferset dat de opfang yn it doarp net trochgie. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)