Dramasearje 'De Koers' giet yn premjêre

01 des 2015 - 12:02

Dramasearje 'De Koers' fan Omrop Fryslân giet tiisdeitemiddei yn premjêre yn de Lawei yn Drachten. De searje giet oer de 17-jierrige hurdfytser Sieger. Hy stiet foar in wichtige kar yn syn karriêre, no't er op it punt stiet om in profkontrakt te bemachtigjen.

Halbe Piter Claus regissearre 'De Koers', skriuwer is Bart Kingma. Hy is ek de skriuwer fan it boek 'De deikoersen fan Remco'. Dat boek heakket oan op de searje. It boek is spesjaal makke foar it 'LêsNo' projekt. Dat hat as doel it Frysk lêzen oantreklik te meitsjen foar jongeren.

Fan 15 oere tiisdeitemiddei ôf is 'De Koers' online te sjen. Fan 4 jannewaris ôf is de searje ek te sjen op Omrop Fryslân televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)