Flechtlingen út krisisopfang Oerterp sette ôf nei Seelân

01 des 2015 - 10:36

Goed 150 flechtlingen sette tiisdeitemoarn ôf fanút de krisisopfang fan Oerterp. Dêr hawwe se in wike sitten. De flechtlingen moatte no nei in opfanglokaasje yn Hulst, yn Seelân. Dêrfoar meitsje de flechtlingen in busreis fan hast fjouwer oeren. Guon minsken sjogge wol wat op tsjin de lange reis.

Yn Oerterp sieten de flechtlingen yn MFC De Wier. It multyfunksjonele sintrum is fan freed ôf wer beskikber foar de gebrûkers.

Foar de ôfreis fan de flechtlingen hat boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân noch kontakt hân mei de boargemaster fan Hulst. Van Selm hat har kollega bypraat oer de groep flechtlingen.

Plakette

De minsken sels binne tefreden oer de opfang yn Opsterlân. As tank hawwe de flechtlingen in plakette oanbean oan de frijwilligers en de gemeente Opsterlân. It kado hat in plakje krigen yn it MFC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)