Jonge Drachtster rekket út de tiid nei drugsgebrûk

01 des 2015 - 10:22

In jonge Drachtster is moandei nei it sikehûs brocht nei't hy net goed waard, nei alle gedachten troch it brûken fan drugs. De plysje kaam ôf op in melding fan oerlêst troch in groep jongeren yn it sintrum.

Ien kear by de groep, seagen de plysjeminsken de jonge op strjitte lizze. Hy wie út de tiid rekke. De jonge is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
drugs Drachten sintrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)