Ynbraak yn bedriuwsgebou yn Ljouwert

01 des 2015 - 09:44

De plysje yn Ljouwert ûndersiket in ynbraak moandeitenacht by in bedriuw oan de Stinzenflora. De ynbrekkers trochsochten ferskate keamers yn it gebou. It is net bekend oft se wat meinaam hawwe.

Mooglik binne se steurd troch de komst fan de befeiliging, dy't koart nei de ynbraakmelding by it bedriuw wie. De plysje freget tsjûgen om harren te melden.

Trefwurden: 
ynbraak Ljouwert Stinzenflora
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)