Plysje siket fierder nei twadde opfarrende fan sonken jacht

01 des 2015 - 09:30

Dûkers fan de lanlike plysje sykje tiisdei fierder nei de twadde opfarrende fan de motorboat dy't freed op de Iselmar sonk. Oan de ein fan de freedtemiddei sonk de Boekanier 4 foar de kust fan De Lemmer. Nei alle gedachten hat it jacht in oanfarring hân.

Op de boat sieten twa minsken. It lichem fan ien fan de slachtoffers is snein fûn. De twadde opfarrende is noch hieltyd fermist. Troch de hurde wyn koe der moandei net socht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)