Tiisdei is it topdrokte yn distribúsjesintrum PostNL

01 des 2015 - 08:20

Topdrokte tiisdei yn it distribúsjesintrum fan PostNL yn Ljouwert. De postbesoarger sil dan goed in miljoen oan pakketten leverje. De measte drokte wurdt feroarsake troch Sinteklaas. De Sint keapet in soad yn fia ynternetsaken en dat soarget foar in soad ekstra pakjes dy't PostNL by de minsken thús bringe moat.

Mar leafst ien op de sân húshâldens yn ús lân krijt dan in pakketsje thússtjoerd. Der binne achttjin sortear- en distribúsjesintra nedich om de pakketten op tiid te sortearjen en te ferwurkjen.

De masines yn Ljouwert kinne sa'n 8000 oant 8500 pakketten yn de oere ferwurkje. It distribúsjesintrum yn Ljouwert hat tiisdei mar leafst 130 buskes op de dyk. Dat is mear as it bedriuw sels yn besit hat. Om alle pakjes besoargje te kinnen wurde dêrom ek in stikmannich hierbuskes ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)