Ljouwert hâldt kampanje foar skjinne stêd

30 nov 2015 - 22:43

"Een schone stad, daar zijn we niet vies van!", dat is de slogan fan de kampanje dy't moandei úteinset is yn Ljouwert. De gemeente wol mei ynwenners en besikers de stêd en de doarpen skjinhâlde. In skjinne stêd of doarp draacht by oan de feilichheid en is gastfrijer. Yn alle doarpen komme posters te hingjen.

Elk wykpanel of doarpsbelang kin in skjinmakpakket oanfreegje. De gemeente Ljouwert organisearret ek alle jierren in Himmelwike. Dan meitsje 3500 bern doarp of wyk skjin. Nije wike wurdt de Gouden Griper útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)