Heistellaazje Sintrale As by Noardburgum omfallen

30 nov 2015 - 18:29

By wurksumheden oan de Sintrale As is moandei in heistelling omfallen. Dat wie by de bypass op de Sânhústerwei by Noardburgum. De stelling is oer it fytspaad fallen. Dat is no ôfsletten. De stelling wurdt moandeitejûn opromme. De ferwachting is dat it fytspaad tiisdeitemoarn wer te befytsen is.

De oarsaak fan it omfallen fan de ynstallaasje is noch net dúdlik. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)