Ljouwert moat jongeren oan wurk of stúdzje helpe

30 nov 2015 - 12:50

Ljouwert is ien fan de 35 gemeenten dy't fan it Ryk jongeren oan it wurk of in stúdzje sette moat. It giet om jongeren dy't no gjin wurk hawwe en net nei skoalle gean. Lanlik telt dy groep 66.000 jongeren. It kabinet wol dy groep opspoare en helpe.

Ljouwert krijt by dy taak ûnder oare help fan fiif Fryske soarchoanbieders fan jeugdhelp. Dy hawwe in nij gearwurkingsferbân oprjochte. Dat FACT-jeugd moat de jongeren dy't no bûten de boat falle, opspoare.

Ek siket Ljouwert gearwurking mei it ûnderwiis, bygelyks de ROC's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)