Identiteit ien opfarrende de Iselmar is bekend

30 nov 2015 - 11:28

De man dy't snein op de Iselmar by De Lemmer út it wetter helle is, is ien fan de opfarrenden fan it motorjacht dat freed sonken is. It giet om in 68-jierrige Amsterdammer. De syktocht nei in twadde opfarrende leit op it stuit stil. Troch de hurde wyn is it net mooglik de sonar goed te brûken.

Sadra't it rêstich is giet de syktocht fierder. De plysje is noch hieltyd op syk nei tsjûgen dy't mooglik wat fertelle kinne oer wat der krekt bard is. In soad skippers dy't yn de tiid fan it ûngemak by De Lemmer op it wetter wiene, binne al heard.

Net ien fan harren seit wat sjoen of fernaam te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)