Slayer wurdt de haadakt op Into the Grave 2016

30 nov 2015 - 11:18

De legindaryske metalband Slayer is op 12 augustus 2016 de haadakt op it Ljouwerter festival Into the Grave. De organisaasje neamt de komst fan Slayer in dream dy't útkomt. Slayer slút de earste dei fan it twa dagen duorjende festival ôf.

Oare bands dy't de organisaasje al fêstlei, binne ûnder oare Airbourne, Kreator en Black Dahlia Murder. De organisaasje is noch mei de gemeente Ljouwert yn oerlis oer de komst fan in festivalkemping.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)