Stekken Wilhelminapark Grou waaie om: damhert ûntsnapt

30 nov 2015 - 10:34

In damhert is sneintenacht ûntsnapt út it Wilheliminpark yn Grou. Troch de stoarm wienen de boustekken dy't tydlik om it park hinne steane, omwaaid.

It hert, in wyfke, naaide dêrnei út. Mei help fan omstanners is it hert moandeitemoarn fûn en wer nei it park brocht. It bist hat neffens Sabine Vriesema fan de stifting Hoannepôle in aardige kuier troch it doarp makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)