Stoarm soarget net foar in soad skea yn Fryslân

30 nov 2015 - 06:13

De stoarm hat sneintenacht net foar in soad skea soarge. Wol hiene de feartsjinsten nei de Waadeilannen lêst fan de hurde wyn. By in pleats yn Nijhuzum ha de brânwacht en de bewenners út foarsoarch in beam omhelle, dy't op it hûs drige te fallen. It Saailân yn Ljouwert waard justerjûn tydlik ôfsletten, nei't meardere loswaaide dakplaten op it plein bedarren. Fierder wiene der noch meldings fan stoarmskea op It Hearrenfean, Sint Jabik en Burgum. Yn Harns gie út foarsoarch de coupure yn de seedyk ticht en it Wetterskip stelde dykbewaking yn.

Trefwurden: 
stoarm skea Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)