Snitser follybalfroulju winne mei 3-0 fan Eurosped
De follybalfroulju fan Snits pakten snein in ienfâldige 3-0 oerwinning op Eurosped. Yn Twente wûnen de Snitser froulju de earste set mei 25-20. Ek de twadde set waard mei 25-23 in proai foar de froulju fan trainster Petra Groenland. Yn de tredde en lêste set makken de Snitser froulju rap dien wurk mei in 25-16 winst.