De Nije Bazún prestearret op konsertkonkoers yn De Lawei

29 nov 2015 - 12:54

Brassband De Nije Bazún út Britsum wie sneon mei gemiddeld 91 punten de bêst prestearjende muzykferiening op it konsertkonkoers fan de OMF yn de Lawei yn Drachten. De brassband ûnder lieding fan dirigint Piet van der Heide, dy't útkomt yn de tredde divyzje, gie ek mei de koraalpriis nei hûs.

By de dielnimmers oant en mei de fjirde divyzje wûn brassband Soli Deo Gloria út De Tike de koraalpriis. It orkest helle 86 punten op it ynspylwurk Lady Stewart's Air. Oan it konkoers diene 18 orkesten mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)