Pieter-Jan Postma slút WK ôf mei oerwinning

29 nov 2015 - 11:47

Finn-siler Pieter-Jan Postma hat snein it WK yn Nij-Seelân ôfsletten mei in oerwinning yn de medaljerace. Dêrtroch klom er noch in plak yn it einklassemint. Postma einige der as sechsde.

It WK wie al slagge foar Postma, om't er in startbewiis foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Rio feilich stelde. De wrâldtitel yn de Finn-klasse gie nei de Brit Giles Scott.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)