Kollum: "Tsjuster ljocht"

28 nov 2015 - 18:30

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei en sneon de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok hat jierren foar Omrop Fryslân wurke en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"De gemeente Menameradiel bestiet net al te lang mear en dat is mar goed ek. Witte jimmme wat se dêr betocht hawwe? Sjoch, je hawwe op 't heden de diskusje hokker lampe, hokker bûtenlampe, eins wol út kin. Ja, dat hawwe duorsume lju útfûn. Dy sizze dat it ûnsin is om alle lampen dy’t we hawwe, ek oan te dwaan. Ik wit net wêrom't se der dan yndertiid delset binne. Der hat yn de doarpen jierren en jierren inkeld yngreven diskusje west oer wêrom't al of net in lantearnepeal op de hoeke fan it tsjerkhôf komme moatte soe, dus je soenen sizze we binne wier wol ta it goede ljocht kaam.

Mar fansels, je meie hieltyd elke diskusje oangean, dus ek oer it al of net wer útdwaan fan dy lampen. De duorsume lju binne omearme troch de natoerlju. Dy hiene al earder sein dat ljocht de bisten en blommen ôfskrikt. Dat wie foar my ek nij, want krekt mei in ljochtbak pakke jo folle mear foksen as yn it tsjuster, dus bisten komme op it ljocht ôf. Miskien is dat krekt wol wer steurend foar de natoer, dus it ljocht moat út. Dat hawwe se op in soad plakken yn it lân al dien. Waardeloas. Want as de streken midden en oan de sydkant fan de dyk net sa dúdlik mear binne, sjogge jo as automobilist neat.

Bygelyks it hiele stik tusken Almere en Lelystêd is tsjuster. Dat sjogge jo net, je sjoch nammentlik neat. Krekt dêr is de dyk in karrepaad en binne de streken ek noch net te sjen, seker net as it reint. Ja, dan is it wol dúdlik wêom't dêr safolle ûngelokken barre. Dêr stiet oates en toates wer tsien kilometer of mear op ’e rem. No, ik doar net út te rekkenjen wat soks kostet. `De vertraging is meer dan een uur`. Miskien koenen we dan foar dat jild wol fyfhûndert nije fûgels oanskaffe yn ruil foar dy iene dy’t tsjin de lampe flein is.

It gefolch fan it tsjustere belied is dat gemeenten no twongen wurde om jild, in soad jild, út te jaan om faker de streken op de diken dúdlik del te setten. Seker hjir op it Fryske plattelân sil dat noch wol gefolgen hawwe. Mar wat dogge we yn stee dêrfan? We priizgje de gemeenten, want der gean hjir en der wer mear ljochten út. Ja, we hawwe wat mear oanrandinkjes op de lytse ljochtleaze strjitten en dykjes. We hawwe wat mear net goed ferljochte fytsers, dy’t no fan de dyk feegd wurde.

We hawwe wat mear bange bern dy’t skrieme, want se tinke yn maart noch dat swarte Pyt der wer oanstrûpen komt. En we hawwe in hege rekken om't dy streken hieltyd op dy dyk set wurde moatte. Mar jonges, wat fantastysk dochs, we hawwe dochs de natoer in nij folslein tsjuster libben ynblaasd. Wat moai. Dus ek it gemeentebestjoer fan Menameradiel waard frege de ljochten út te dwaan. Dy ried hat al tsien jier neat mear fan him hearre litten, dus se tochten: dan moat it no noch mar efkes wêze. Dy hawwe no besluten dat se in fleantúchje nachten lang yn de loft boppe de gemeente fleane litte.

Ja, dat ding moat al foarsichtich wêze, want de fleanbasis sit yn de buert en dy mannen bin op 't heden tige senuweftich, dus it fleantúchje fan Menaam moat al in hiel soad ljocht oan hawwe. Mar ek wer net tefolle, want se hawwe in taak. Hoe sjocht Menameradiel derút yn it tsjuster, hoe ljocht is Menameradiel noch. In fotograaf yn dat fleantúchje sil foto’s meitsje en dan sil de ried fan Menameradiel dy bestudearje. Wat it kostet? Ja, ik wit net wat in fleantúchje kostet, mar it is mear as in retoerke Londen. Ach, mar oars giet it jild aanst dochs nei Westergoa dus, arre. It is wol sinleas jild. Want je fleane boppe. Boppe lantearnen dy’t de kappe boppe op hawwe, want ljocht lit je nei ûnderen skine. Hoe kin je dan fanút de loft sjen hokker lampe al of net út moat. Folslein sinleaze ekskurzje. Mar it past wol. It hiele bestean fan Menameradiel is ommers ek al sinleas.

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)