Bûtenpost wint Fryske twastriid tsjin Feanwâlden

28 nov 2015 - 16:38

De Fryske twastriid yn de earste klasse E tusken Feanwâlden en Bûtenpost einige sneon yn in 3-1 oerwinning foar de ploech fan trainer René van der Weij. Andries Hoekstra sette Feanwâlden op foarsprong. Nei rêst makke Joran Olijve fan Bûtenpost der 1-1 fan. Nei't Jorrit Terpstra de blauhimden oan de lieding brocht, tekene Olijve foar de einstân.

Ljouwerter Sweltsjes wûn mei 2-0 fan Omlandia. De Ljouwerters namen nei in healoere de lieding troch in treffer fan Jorrit van der Veen. Vic Rozendaal makke der 2-0 fan.

Balk wûn mei 1-0 fan Viboa. BCV gong yn Stienwyk mei 4-1 ûnderút tsjin d' Olde Veste. Ferlies wie der ek foar Blau Wyt '34, dat mei 3-0 ûnderút gong tsjin Oranje Nassau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)